FIDEO: Driezumers traine foar Champions League

De beachfuotbalsters fan haadklasser VIOD Driezum binne úteinset mei trainen foar de Champions League. Ofrûne wykein waard de ploech lânskampioen beachsoccer en dêrmei binne se rjochtstreeks kwalifisearre foar Europeesk fuotbal yn 2017. En dat is hiel bysûnder, foar froulju dy't normaal sprutsen allinnich op it gers fuotbalje.
Op syk nei in trainingsfjild
Spesjale fasiliteiten foar beachsoccer hat VIOD net, dêrom koene de froulju allinnich traine op it gers. Dat is net goed te fergelykjen mei it mulle sân. "De bal rôlet oars en it is folle swierder," fertelt coach Jouke Dantuma. "Kinst dy helemaal stikken rinne op it sân, mar ik tink dat wie hiel goed dosearje kinne," seit keepster Anna Reitsma.
Mar, fynt Dantuma, de tarieding op de Champions League moat goed wêze. En dus binne dizze strânfuotbalsters no op syk nei in geskikt trainingsfjild yn de buert.
Europeesk fuotbal
In grutte kâns op de titel meitsje de froulju lykwols net, sa tinkt Dantuma. "It nivo leit hiel heech, benammen yn de súdlike lannen."