Bouboeren yn aksje foar bedrige fûgels

18 jul 2016 - 21:51

In groep bouboeren oan de Waadkust set de kommende tiid yn op de beskerming fan bedrige fûgels dy't op boulân libje. It giet dan om soarten lykas de ljurk en it giele boumantsje. It is de bedoeling om de rânen fan de bougebieten oan te pakken. Dêr wurde dan blommen plante, dêr't de fûgels briede kinne, en iten sykje.

Yn provinsjes lykas Grinslân wurdt dizze metoade al brûkt mei goede resultaten. Yn Fryslân is it Agrarisch Collectief Waadrâne dwaande it projekt op poaten te setten. It grutste probleem is lykwols it jild.

In soad boeren wolle meiwurkje mar der is lang net genôch jild beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)