It giet goed mei de moksels yn de Waadsee

18 jul 2016 - 21:01

Yn de Waadsee wurde op it stuit grutte partijen mokselsied oantroffen. Dat blykt út in ûndersyk fan de Waddenunit dat dien is yn opdracht fan it Ministearje fan Ekonomyske Saken. Wykliks mjit Waddenunit hoefolle moksellarven der yn it wetter sitte. Dêrút blykt dat der op it stuit folle mear larven yn it wetter sitte as in tal jierren lyn. Ek wurde regelmjittich nije mokselbanken oantroffen. Dat merke ek garnalefiskers dy't hieltyd faker fêst komme te sitten mei harren netten.

Neffens Nico Laros, wurdfierder fan de Waddenunit, moat de kommende wiken besjoen wurde hoe't it mokselsied him fierder ûntwikkelje sil. Syn earste yndruk is lykwols dat dizze partij mokselsied oer twa jier grutte partijen folwoeksen moksels opleveret.

2012 en 2013 wiene minne jierren mei hast gjin mokselsied. Neffens Nico Laros kinne mokselbanken allinnich groeie ûnder de goede omstannichheden: in goede temperatuer, genôch sinneljocht, iten en de ôfwêzigens fan natuerlike fijannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)