250 bern by spultsjeswiken Appelskea

De spultsjeswiken yn Appelskea wurde hieltyd populêrder. Moandei is de 57ste edysje fan de spultsjeswike úteinset. Wylst der foar de earste wike plak wie foar 225 bern, dogge der sa'n 250 bern mei. De spultsjeswiken binne yn it earste plak foar bern fan gesinnen dy't it net breed hawwe. De kosten foar de spultsjeswiken binne €16,50 per persoan foar in wike. De rest wurdt betelle troch de gemeente Eaststellingwerf en sponsors.
Dit jier binne de spultsjeswiken opdield in twa dielen. De earste wike is foar bern út Appelskea, Easterwâlde, Aldeberkeap, Nijeberkeap, Makkingea, Elslo, Langedike, Ravenswâd en De Fochtel. Yn de twadde wike meie bern út Easterwâlde, Waskemar, Haulerwyk, De Haule en Donkerbroek meidwaan. De bern sliepe net op lokaasje. Se wurde alle dagen ophelle mei in bus en oan de ein fan de dei wer werombrocht nei it oppikpunt.