Mid-Fryslân kânsleas tsjin DOS

29 apr 2012 - 16:59

Mid-Fryslân hat de earste wedstriid fan de twadde helte fan de fjildkompetysje yn de eareklasse mei rom ferskil ferlern. DOS'46 út Nijeveen wie op it fjild yn Reduzum mei 20-13 te sterk. De thúsploech begûn goed en naam in 3-0 foarsprong. By it skoft hie DOS'46 in lyts gatsje slein: 6-9. Nei 10-14 wie it ferset fan Mid-Fryslân, de nûmer lêst yn de stân, brutsen.

Yn de haadklasse ferlear LDODK ferrassend mei 15-14 yn Almelo fan AKC. SCO koe it yn Den Haach net oprêde tsjin Eibernest: 20-15. LDODK sakket nei it tredde plak, SCO is fiifde.

Trefwurden: 
kuorbal Mid-Fryslân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)