'Soad minsken sizze fakânsje Nice ôf'

18 jul 2016 - 17:50

It gewoane libben yn Nice komt nei de oanslach tongersdeitejûn stadichoan wer op gong. Dat seit Friezinne om utens Rianne de Groot. Sy wennet yn it sintrum fan Nice en seach fan tichtby de gaos en panyk nei de oanslach mei de frachtwein op de Promenade des Anglais. Der foelen 84 deaden, wêrûnder in soad bern. Allinnich by de promenade is de sfear noch grimmitich. Op de strânen en it útgeanslibben is net folle mear te fernimmen fan de oanslach en pakke minsken it libben wer op.

Neffens De Groot, dy't by in ferhierder fan fakânsjeapparteminten wurket, hawwe in soad minsken harren fakânsje ôfsein. De ekonomyske skea foar Nice kin dêrom noch aardich oprinne, sa tinkt De Groot.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)