Yn de skoalbanken mei de simmerfakânsje

Wylst de measte bern moandei genietsje fan harren earste echte frije dei yn dizze simmerfakânsje, begjint yn Ljouwert wer de Simmerskoalle. Learlingen fan fiif middelbere skoallen yn Fryslân kinne dêr twa wiken byles krije om foar te kommen dat se sitten bliuwe.
De Simmerskoalle is foar learlingen fan CSG Comenius, Christelijk Gymnasium Beyers Naudé, OSG Piter Jelles, CSG Ulbe van Houten en it Dockinga College.
Dit jier dogge 53 learlingen mei.