Fûgel fljocht non-stop fan Kanada nei Skylge

18 jul 2016 - 15:42

In bysûndere reis foar in mients mei as einbestimming de Boschplaat op Skylge. De fûgel is non-stop fan it noarden fan Kanada nei Skylge flein. In tocht fan 4000 kilometer.

De mients wie yn april fongen op it Waad en krige apparatuer op. Sa koe de fûgel folge wurde foar wittenskiplik ûndersyk fan it NIOZ, it Koninklijk Nederlands Instituut voor Onderzoek der Zee.

De mients dy't Paula neamd is briedt yn Kanada en oerwinteret yn it Waadgebiet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)