Skippersportret: Pieter Ezn. Meeter

19 jul 2016 - 06:22

Alve dagen, fjirtjin skûtsjes. Mei it SKS skûtsjesilen stride fjirtjin skûtsjeskippers twa wiken lang tsjin inoar op de Fryske marren. Mar oer wa hawwe wy it dan eins en hoe pakke sy de silerij oan? Wy lizze alle skûtsjeskippers in pear fragen foar. Hjoed is it de beurt oan skipper Pieter Ezn. Meeter.

Meeter (46) is rûntfeartûndernimmer fan berop en skûtsjeskipper sûnt 2007. Hy fart op de Eildert Sietez fan Akkrum en waard yn 2016 mei dat skûtsje sechsde yn it SKS Skûtsjesilen. Wy lizze him fjouwer fragen foar:

Wat wie dyn earste taak op it skûtsje?
‘’By ús wie it eartiids normaal dat wy in mienskiplike drinkamer mei ranja hiene. Ranjajonge, dat wie myn earste baantsje op alvejierrige leeftiid. Mei in lytse stâlpanne elkenien foar de wyn foarsjen fan in pear slokken ranja. De rêst fan de tiid koe ik moai yn de roefiepening sitte om it skoatstou binnen te heljen.’’

Hokker wedstriid is dy it measte bybleaun?
‘’In wedstriid op De Feanhoop. By it ûnderheljen fan de boppewynse tonne fear Huzum my efterop it helmhout. Hjirtroch kriich ik in slinger fan it helmhout en waard bûtenboard lansearre. Doe’t ik boppe wetter kaam seach ik al dy skûtsjekoppen op my ôfkommen en besocht ik dy al swimmend te ûntwiken. Doe’t sy allegearre passearre wiene waard ik oppikt en werom nei it skûtsje brocht. Myn bril wie ik wol kwyt. Ik wie noch net oan board oft ik moast al útwike foar it Drachtster skûtsje, dêrtroch rekken wy oan inoar. Ik haw de seilen strutsen en lei lêste. Letter frege ik Albert, doe noch skipper fan Drachten, oft ik, by wize fan training, opnij begjinne koe. Hy lake en tocht wierskynlik: ‘’dy leit no sa’n ein efter, dy sjogge wy nea wer.’’ Neat wie minder wier! In efterstân fan 300 meter waard yn inkelde slaggen fuortwurke. Alle rûten pakten wy mear skûtsjes om úteinlik tredde te finishen. In fantastyske teamprestaasje! Wy sizze noch wolris: ‘’as it net rint, goai de skipper mar bûtenboard en soargje dat er sûnder bril weromkomt.’’

Hoe makkest fan de bemanning in team?
‘’As skipper nim ik altyd de lieding, minsken sille my dan ek nea ferwite kinne dat ik net wat ûndernim, alle fasetten op it skûtsje binne by my bekend. As minsken tinke dat sy it better kinne as ik, dan doar ik dy útdaging wol oan. Fierder moatte minsken goed oerlizze en harkje nei de ynbring fan ideeën, hjiroer beriede en it dêrnei wol of net tapasse. Elkenien is wichtich en wy moatte it mei-inoar dwaan. In goeie bemanning mar mei in weardeleaze skipper of oarsom, sil net wurkje.’’

Wat is dyn favorite fakânsjebestimming?
‘’Net tsjin de freondinne sizze! Mar dat is skûtsjesilen.’’

Sjoch foar alle skippersportretten yn ús dossier. Alles oer it skûtsjesilen is te folgjen op Omropfryslan.nl/skûtsjesilen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)