500 miljoen euro út Brussel is "stap yn de goede rjochting"

De boere-organisaasjes LTO en Dutch Dairyman Board reagearje foarsichtich posityf op in nij helppakket fan de Europeeske kommisje om boeren dy't te lijen hawwe fan de lege molkepriis te helpen.
De Europeeske kommisje wol 150 miljoen euro útlûke om boeren te kompensearjen dy't ree binne om op frijwillige basis minder molke te produsearjen. Neffens foarsitter Sieta van Keimpema fan de Dutch Dairyman Board is dat in stap yn de goede rjochting.
Neffens frou Van Keimpema sil it fan de hichte fan de kompensaasje ôfhingje oft boeren ree binne om oan de regeling mei te dwaan. "Tsien oant fyftjin sinten is te min, mar as it 30 sint wurdt binne der grif boeren dy't meidwaan wolle."

Likwiditeitsproblemen

Njonken de Europeeske maatregel foar frijwillich minder melke sil de kommisje de lidsteaten nochris 350 miljoen euro jaan foar oanfoljende stipe oan de boeren. Foar Nederlân komt it del op 23 miljoen. Dat jild is ûnder oare ornearre foar maatregels dy't boeren mei likwiditeitsproblemen helpe moatte.
Mei de maatregels wol lânboukommissaris Phil Hogan berikke dat de molkproduksje mei 1,3 % weromrint yn 2017. Neffens de Europeeske kommisje soe dat foldwaande wêze moatte om de stabiliteit wer werom te krijen op de suvelmerk.

Superheffing

De molkpriis stiet bot ûnder druk sûnt it ôfskaffen fan de superheffing yn de maitiid fan 2015. Benammen boeren yn Ierlân en Nederlân binne doe begûn om folle mear molke te produsearjen, omdat der gjin kwotum mear wie.

Histoarysk lege molkepriis

Yn de simmer fan 2015 sakke de molkpriis foar it earst ûnder de grins fan 30 sint de liter. Dy priis is sûnt dat momint allinnich mar fierder sakke. Dat soarget der foar dat in soad melkfeehâlders yn de reade sifers bedarre binne.
As dat te lang duorret soene bedriuwen omfalle kinne. It nije stipepakket fan mei-inoar 500 miljoen euro hat as doel om dat foar te kommen.
It Europeesk Parlemint praat tiisdeitemoarn yn Brussel oer it nije stipepakket fan de Europeeske kommisje.