Snitser Vlap it skip yn op Europeesk kampioenskip

Jong Oranje by de training foarôfgeand oan de wedstryd © Facebook, Ons Oranje
Middelfjilder Michel Vlap fan Snits is der moandeimiddei mei de jonges fan it Nederlânsk fuotbalalvetal ûnder de 19 jier net yn slagge om de heale finale fan it EK yn Dútslân te berikken.
De jonges hienen oan in lykspul tsjin Frankryk genôch hân om harren te pleatsen foar de heale finale, en dêrmei ek foar it WK ûnder de 20 jier, mar se ferlearen. Mei 5-1. Vlap siet de hiele wedstriid op de bank. Vlap is jeugdspiler by SC Hearrenfean.
Oranje spilet tongersdei noch in kwalifikaasjewedstriid tsjin Dútslân, de nûmmer trije fan de oare pûl, om dochs noch pleatsing foar it wrâldkampioenskip ôf te twingen. Dat WK is takom jier yn Súd-Koreä.