Boskwachter Iris krijt help fan alve assistinten

Der wiene mear as 160 gadingmakkers, mar it waard Iris de Boer. De baan dêr't se op sollisitearre kaam lanlik yn it nijs. En hjoed begjint se. As boskwachter op Skylge.
Wêrom't se har keazen ha, dat wit se eins net. Se hat der ek net nei frege. Miskien komt it omdat se noch sa jong is. Omdat se mei in frisse blik nei de natuer sjocht. Se is pas twa jier boskwachter. "Maar wel heel gedreven!"
It is in spannende dei hjoed, seit se sels. Se sjocht in protte nije gesichten, en krijt hjoed te hearren by wa't se wêrfoar telâne kin.
Wilens binne ek alve Skylgers oplaat ta assistent-boskwachters. Dat wie nedich ek, want der binne te min boskwachters om al it wurk oan te kinnen. De nije oanwinsten fan Steatsboskbehear ha in oplieding hân om te learen oer planten, bisten en natuerwetjouwing.
Steatsboskbehear sil de Skylger assistint-boskwachters benammen ynsette as gasthear of gastfrou en by ekskurzjes.