Van der Horst teloarsteld oer mist plak yn lanneteam

18 jul 2016 - 11:35

Paralympysk amazône Rixt van der Horst fan Grou is bliid dat se selektearre is foar de Paralympyske Spelen dy't yn septimber yn Rio de Janeiro hâlden wurde, mar teloarsteld dat se net selektearre is foar it team.

Fan de fiif paralympyske ruters dy't meidogge oan de Olympyske Spelen, dogge fjouwer mei oan it team. Rixt van der Horst kin allinnich yndividueel meidwaan en makket dêrtroch twa kear kâns op goud. Opmerklik is fierder dat se selektearre is mei har reservehynder Caraat en net har earste hynder Uniek. 

Van der Horst krige dit snein nei ôfrin fan it NK te hearren fan it hynstesportbûn KNHS en de bûnscoach. Se wol noch yn petear mei it bûn foar fierdere útlis wêrom't se net selektearre is foar it team. Van der Horst wûn op  it WK fan 2014 yndividueel twa gouden medaljes en ien sulveren teammedalje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)