Ljouwerter simmeriis raant troch iismasinesteuring

18 jul 2016 - 11:07

In steuring yn de iismasine dy't net automatysk melden waard, hat derfoar soarge dat it iis yn de Ljouwerter Elfstedenhal yn de nacht fan snein op moandei begûn te ranen. Dat waard net earder as moandeitemoarn ûntdutsen. It iis wie sêft wurden en der stie ek al wat wetter op.

Neffens direkteur Johan van der Kooi fan de Elfstedenhal komt sa'n steuring faker foar. Gewoanwei wurdt der dan automatysk in foutmelding ferstjoerd en kin de masine op ôfstân wer oansetten wurde. Dy melding kaam ditkear net. Der wurdt útsocht hoe't dat kin.

De iismasine draait yntusken wer. Moarn kin elkenien wer ride. Mooglik kin fan 'e middei it shorttracken al wer trochgean.

Trefwurden: 
Elfstedenhal iis steuring
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)