Plysje mei hûn lûkt pistoal yn Ljouwerter wenwyk

18 jul 2016 - 10:23

In plysjeman hat sneintemiddei yn de Ljouwerter wenwyk Westeinde syn pistoal lutsen omdat er bedrige waard mei in skerp foarwerp, troch in man fan 24 út Beilen yn Drinte.

De man hat it foarwerp fuortsmiten, en koe oanholden wurde, op de Jan Jelles Hofleane yn Ljouwert. De plysjeman, en de plysjehûn dy't er by him hie, binne der goed foar wei kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)