Katten bedriigje greidefûgels

29 apr 2012 - 15:07

Katten frette hjoed-de-dei mear jonge greidefûgels op as foksen en dêrom moatte minsken op it Fryske plattelân derfoar soargje dat se har katten yn 'e hûs of op de pleats hâlde. Dy oprop dogge de boeren ferienige yn Boerennatuur Friesland mei it Bûn fan Fryske fûgelwachten.

It is net de earste kear dat der oproppen wurdt om katten oant 15 july binnen te hâlden, mar wol de earste kear dat soks bart foar hiel Fryslân.

As der gjin mooglikheid is om de kat op te sluten, moat it bist neffens Boerennatuur safolle fretten krije dat it gjin ferlet hat fan jonge ljippen of skriezen.

Trefwurden: 
katten greidefûgels
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)