Para-amazône Rixt van der Horst giet nei Rio

© Omrop Fryslân
Paralympysk amazône Rixt van der Horst fan Grou giet nei de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Dat hat it Nederlanske hynstesportbûn KNHS snein bekend makke. Van der Horst prestearre earder al goed op 'e kwalifikaasjewedstriden foar Rio en mei har no dus tariede op it echte wurk.
De Paralympyske Spelen yn it Braziliaanske Rio de Janeiro sette sân septimber útein.