Welcome to The Village lûkt opnij goed sântûzen besikers

17 jul 2016 - 16:57

It Welcome to The Village festival by Ljouwert hat dit jier opnij sa'n 7.000 besikers lutsen. Dat oantal waard ferline jier ek al helle. Troch it moaie waar kamen der dit jier benammen op snein in soad minsken nei it Griene Stjêrgebiet. Troch it minne waar fan de ôfrûne wiken hie de organisaasje der rekken mei hâlden dat der dit jier wat minder besikers nei it festival komme soene, mar dat is dus net bard.

Trochdat in part fan it festivalterrein troch reinwetter te min wurden wie, moast it festival yn de ôfrûne wiken noch foar santich persint ferpleatst wurde. Dêrtroch gie ûnder oare in parkearterrein ferlern. Dat soarge benammen op snein foar wat problemen mei it parkearen. De organisaasje rôp minsken dan ek op safolle as mooglik mei de fyts te kommen.

Falske munten

Op freed waarden noch twa minsken oanhâlden foar de ferkeap fan falske munten by it festivalterrein. De munten wiene hast net fan echt te ûnderskieden, mar de organisaasje hie it dochs frij rap yn de gaten. In pushberjocht nei 2.500 besikers hat der foar soarge dat de munten net in soad brûkt binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)