UPDATE: Problemen mei spoarbrêge oplost, treinen ride wer

© ANP
Treinreizgers tusken Ljouwert en Zwolle moasten sneintemiddei rekken hâlde mei fertraging. Troch in defekte spoarbrêge koenen der gjin treinen ride tusken Ljouwert en Akkrum. De fertraging as gefolch fan de steuring wie mear as in oere.
Om de reizgers dochs op harren bestimming te bringen, hie de NS bussen ynset. De steuring wie om 19.00 oere hinne wer oplost.