Klûs stellen út garaazjebedriuw Oerterp

Ut in garaazjebedriuw oan de Weibuorren yn Oerterp is sneontenacht in klûs stellen. Om it gebou yn te kommen waard de doar iepenbrutsen.
Der is in klûs meinaam mei dêryn papieren en reservekaaien. Der siet gjin jild yn de klûs.
Der is noch gjin dieder oanhâlden. Tsjûgen melde dat se op it parkearterrein fan it efterlizzende appartemintekompleks op syn minst trije minsken praten heard hawwe. De plysje siket minsken dy't mear fertelle kinne oer de ynbraak.