Lanlike betinking MH17

17 jul 2016 - 12:17

Yn Vijfhuizen by Schiphol wurde hjoed de slachtoffers fan de oanslach op flecht MH17 betocht. It fleantúch waard twa jier lyn boppe Oekraïne út de loft sketten, mei 298 deaden as gefolch. Under har wienen ek in pear fan De Gordyk, in spiler fan de Ljouwerter fuotbalklup FVC en in âld-ynwenner fan Damwâld. By de betinking wurdt ûnder oare in minút stilte hâlden op it momint dat it tastel delhelle waard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)