Sytse Yde (11) rint Vierdaagse yn Nijmegen

17 jul 2016 - 11:37

De 11-jierige Sytse Yde Gielstra fan Jobbegea is ien fan de jongste dielnimmers oan de Nijmeegse Vierdaagse. It grutte kuierevenemint wurdt dit jier foar de hûndertste kear hâlden en spesjaal derfoar is in 'Club van honderd' oprjochte. Yn dy klup sitte de 100 jongste dielnimmers oan de fjouwerdaagse. Je meie meidwaan yn it jier dat je 12 wurde en sa sitte der dus ferskate bern yn de groep dy't no noch 11 binne. Wêrûnder dus Sytse Yde. It idee kaam fan syn mem, dy't de tocht ferline jier rûn hat.

De bern moatte alle dagen 30 kilometer rinne en stypje dermei ek in troch harren sels útkeazen goed doel. Sytse Yde rint foar 'Right to Play'. De fjouwerdaagse begjint kommende tiisdei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)