Flater by enkête oer herten: ferkearde Elslo

17 jul 2016 - 10:45

In flater by it útstjoeren fan in enkête oer de komst fan herten nei it natuergebiet it Drents-Friese Wold: in Amsterdamsk ûndersyksburo stjoerde by fersin in brief nei ynwenners fan it Limboarchske Elslo. Dat hie fansels it doarp Elslo yn Fryslân wêze moatten, op de râne fan it Drents-Friese Wold. Yn de enkête wurdt omwenners frege nei harren miening oer de mooglike komst fan herten nei it gebiet.

De flater mei de adressen wurdt oplost en betelle troch it ûndersyksburo, sa seit Steatsboskbeheer. De ynwenners krije takom wike de goede brief yn 'e brievebus.  

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)