Unrêstige nacht yn Ljouwerter hoareka: acht oanhâldings

Oanhâlding © ANP
In ûnrêstige útgeansnacht yn Ljouwert: de plysje hat yn de nacht fan sneon op snein mar leafst acht minsken oppakt.
Op it Ruterskertier waard in 30-jierrige man út Coevorden oanhâlden foar in mishanneling. In oare fertochte waard oanhâlden foar it fersteuren fan de iepenbiere oarder.
In 19-jierrige Ljouwerter socht hieltyd opnij rûzje mei in oare man. Beide fjochtersbazen hiene in relaasje mei deselde frou.
Op it Wilhelminaplein wiene rûn fiven twa fjochtpartijen, wêrby’t ûnder oaren trije ynwenners fan Steenwijkerland fan 18, 26 en 28 jier oanhâlden binne.
De fertochten binne oerbrocht nei it plysjeburo yn Ljouwert.