Ynbraak Jumbo De Gordyk: pinautomaat iepenbrutsen
Sneontenacht is der ynbrutsen by in supermerk fan de Jumbo oan de Badwei op De Gordyk. Dêrby waard in pinautomaat iepenbrutsen. De plysje siket nei tsjûgen dy’t mear oer de saak witte of wat sjoen ha.