Marrit van der Wal ljept mei 17.58 Nederlânsk rekôr

16 jul 2016 - 23:12
  • Marrit van der Wal en 'har' ôfstân
  • De kening, prins en keninginne fan Burgum

Marrit van der Wal ljepte sneontejûn in nij Nederlânsk rekôr by it keningsljeppen yn Burgum. De Heidenskipster kaam yn har earste sprong nei 17 meter en 58 sintimeter yn it sânbêd. Dymphie van Rooijen fan 'e Polstokbond Holland wie rekôrhâldster mei 17.50 meter. Yn de finale, by it keningsljeppen begjinne alle finalisten wer sûnder ôfstân, ljepte Van der Wal 15.76, genôch foar de titel keninginne.

Nard Brandsma waard kening mei 19.66 en Jarich Wijnstra de prins mei 16.29.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)