SC Cambuur folle better as FC Den Bosch: 5-0

16 jul 2016 - 19:20

Op it fjild fan Leovardia wûn SC Cambuur sneon mei 5-0 fan FC Den Bosch. 1800 taskôgers seagen in folle better Cambuur, dat al nei ien helte mei 4-0 oan de lieding gie. Sander van der Streek iepene de skoare al nei fiif minuten. Bosz makke de twadde goal út in frije traap. Martijn Barto skoarde de tredde út in foarset fan Peersman. Monteiro sette de rêststân op it boerd troch fanôf 30 meter geweldich út te heljen.

Nei 60 minuten brocht trainer Rob Maas 9 nije spilers yn it fjild. Dominik Masek bepaalde de einstân op 5-0.

Trainer Rob Maas wie nei ôfrin tige tefreden oer de oefenwedstriid. Neffens him leit de seleksje goed op skema foar it begjin fan de kompetysje yn augustus. Cambuur giet nije wike op trainingskamp nei Epe. Maas liet de 9 ynfallers nei de wedstriid noch in heal oere traine, sadat de ynspanning foar de hiele groep ûngefear gelyk wie. Dy training waard fersoarge troch de assistinten Arne Slot en Jan Bruin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)