De Jong, Pijper en Fabriek feroverje wrâldtitel gersbaan

16 jul 2016 - 19:09
  • Jannick de Jong

Gersbaanracers Jannick de Jong, Theo Pijper en Dirk Fabriek hawwe sneon yn it Tsjechyske Marianske Lazne mei har trijen Nederlân oan de wrâldtitel foar teams holpen. Jannick de Jong helle 18 punten foar Nederlân, Dirk Fabriek 15 en Theo Pijper 13. Dy 46 punten wiene genôch foar de wrâldtitel, foar Dútslân (mei 44 punten) en Tsjechië (42 punten).

Yn it yndividuele klassemint waard De Jong tredde, Fabriek achtste en Pijper tolfde. De Jong brocht twa searjes op syn namme, Fabriek en Pijper beide ien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)