Hier ôfknippe foar pruke-aksje

In grutte groep bern út Makkum hat ôfrûne sneon it hier ôfknippe litten. It giet om bern fan de menistetsjerke út dat doarp dy't meidiene oan in aksje fan de stichting Haarwensen. Dy stichting sammelet hier yn om dêr pruken fan te meitsjen. Dy pruken binne ûnder oaren bedoeld foar bern dy't in hiersykte of kanker hawwe.
Pruken kostje al gau sa'n 400 euro en op dizze wize wol de stichting fergees dochs in goede pruk oanbiede kinne.