Bauke Mollema bliuwt twadde nei sprint-etappe

16 jul 2016 - 18:54
  • Bauke Mollema gie solo oer de einstreek yn Donostia/San Sebastián

It wie foar hurdfytser Bauke Mollema sneon net al te dreech om syn twadde plak yn it klassemint fêst te hâlden. Mollema ferovere it twadde plak nei in poerbêste tiidrit op freed. Sneon stie yn de Tour de France in sprintetappe fan 208 kilometer op it programma nei Villars-les-Dombes. De sprint waard wûn troch Marc Cavendish. Nederlânsk kampioen Dylan Groenewegen besocht om mei de bêste sprinters mei te kommen, mar kaam krêft tekoart.

Mollema waard 54e yn deselde tiid as Cavendish en bliuwt sadwaande twadde op 1 minut 47 fan de giele trui.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)