Keatsen: Marten Bergsma kening fan Makkum

De froulju en manlju haadklasse keatsten sneon beide in frije formaasjewedstriid yn Makkum. De finale by de manlju gie tusken Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Hans Wassenaar tsjin Marten Bergsma, Erwin Zijlstra en Hendrik Kootstra. Lêstneamde partoer wûn yn in ûnderhâldende partij mei 5-3 en 6-4 dochs wol oertsjûgend. It wie de earste frije formaasjeoerwinning fan it nije partoer. Marten Bergsma waard ta kening útroppen.
It partoer fan Ilse Tuinenga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra wûn by de froulju mei grutte oermacht.
Yn de finale fersloegen Tuinenga-en-dy it partoer fan Anne Monfils, Nynke Sijbrandij en Marrit Zeinstra mei 5-0 en 6-2. It winnende partoer hat yn de trije wedstriden dy't se keatst hawwe mar ien earst tsjin krigen. Manon Scheepstra waard útroppen ta keninginne.