Terherne iepenet spannendste en langste fearrûte

16 jul 2016 - 17:16

It doarp Terherne hat sûnt sneon 'de spannendste' en faaks ek de langste pontrûte fan Fryslân. Dwers oer it Prinses Margrietkanaal fan ytkafee Portunus nei ytkafee 't Slúske yn jachthaven Sneekerhof. De duorsume pont hat in elektryske motor en op it dak lizze sinnepanielen. Mei-inoar koste de pont 90.000 euro. It jild is byinoar socht troch ynwenners fan it doarp en der wiene subsydzjes fan provinsje, gemeente De Fryske Marren en oare ynstânsjes.

De nije stichting Terhernster Veer sil rêde mei de eksploitaasje.

Der binne mear as fyftich frijwilligers. De measten hawwe in farbewiis. De nije duorsume fearpont fan Terherne sil alle dagen tusken tsien oere moarns oant acht oere jûns oer it Prinses Margrietkanaal farre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)