Soan Anton en en heit Wietze de Haan yn Buro de Vries

Anton de Haan en syn heit Wietze de Haan © Omrop Fryslân - René Koster
Advokaat Anton de Haan fan It Hearrenfean, spesjalisearre yn asylsaken, slút net út dat er de polityk noch ris yn moat. Hy seit dit snein yn radioprogramma Buro de Vries yn in dûbelpetear mei syn heit Wietze de Haan fan De Lemmer. Wietze de Haan, de ûnwrikbere PvdA-bestjoerder blykt ek in hiele oare kant te hawwen: hy skriuwt romantyske ferskes foar syn pakesizzers.
En soan Anton besocht ea yn Japan in professioniel fuotbalkontrakt ôf te twingen! It komt allegear nei foaren yn it wyklikse dûbelynterview mei twa minsken dy't famylje binne.
Mei heit en soan de Haan giet it fierder oer oerienkomsten en ferskillen, miste kânsen en stille ambysjes. Buro de Vries is der sneontejûn om 22 oere en sneintemoarn om 11 oere.