Man rydt mei auto yn op Ljouwerter gesin en wurdt oanhâlden

16 jul 2016 - 15:39

De plysje Ljouwert siket tsjûgen fan in mishanneling op de krusing fan de Speelmanstrjitte en de Breedstrjitte, freedtejûn om healwei njoggenen. In gesin rûn oer de Speelmanstrjitte dêr't in goudkleurige Volvo station oant twa kear ta op harren ynriden hawwe soe. Yn in reaksje skopte de heit, in Ljouwerter (35), tsjin de auto.

De bestjoerder (46) út Ljouwert stapt dêrnei út en joech de heit mei de fûst in klap yn it gesicht. Dêrnei ûntstie in fjochterij tusken beide mannen. De bestjoerder ried dêrnei fuort, mar waard even letter oanhâlden.

De Ljouwerter plysje wol no graach witte wat der krekt foarfallen is, op de hoeke fan Speelmanstrjitte en Breedstrjitte.

Trefwurden: 
plysje mishanneling auto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)