Falske muntsjes yn omloop op Welcome to the Village

© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De organisaasje fan it festival Welcome to the Village dat dit wykein yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert hâlden wurdt, warskôget besikers dat der falske muntsjes ferkocht wurde. Neffens de organisaasje brekke de falske munten skean ôf, wylst de echte rjocht ôfbrekke. De organisaasje riedt minsken ôf om samar fan ûnbekenden muntsjes te keapjen, mar dy streekrjocht by de kassa's te keapjen.