Jonkje fynt gaspistoal yn Koatstertille

16 jul 2016 - 14:01
  • (fotofoarbyld)

In jonkje fan 10 jier út Koatstertille hat freed in gaspistoal fûn yn de boskjes op de hoeke fan de Willem Lodewijkstrjitte en de Prins Willemstrjitte. It pistoal liket op in Walther 99, dat troch de plysje brûkt wurdt. It jonkje en syn heit hawwe it pistoal nei de plysje brocht. Dy ûndersiket oft it ferbeane wapen mooglik brûkt is by in rûzje oan de Menno van Coehoornstrjitte yn juny dit jier. Derby soe ek sketten wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)