Sportvisserij Fryslân rjochtet 'fiskrêdingsteam' op

16 jul 2016 - 13:05

Sportvisserij Fryslân hat in spesjaal kalamiteiteteam yn it libben roppen. Dit team fan frijwilligers moat yn aksje komme by sitewaasjes wêrby't fisken massaal driigje dea te gean. Bygelyks by it oerstoarten fan it rioel of in gebrek oan soerstof.

Foar dit 'fiskrêdingsteam' siket Sportvisserij Fryslân foarearst tsien frijwilligers, mar letter moatte dat mear wurde om wis te wêzen fan in goede sprieding oer de provinsje.

No is it al sa dat de organisearre sportfiskers frege wurde te helpen, ek al ha sy offisjeel gjin ferantwurdlikheid hjirfoar.

Der wurdt gearwurke mei Wetterskip Fryslân, dat ferantwurdlik is foar de wetterkwaliteit. In spesjaal meldpunt komt der net. Meldingen oer misstannen kinne gewoan dien wurde by it miljeumeldpunt fan it Wetterskip.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)