Rianne de Groot yn Nice: 'ik dacht, daar ga ik dan'

16 jul 2016 - 12:33

It hie in gesellich jûntsje wurde moatten: de 21-jierrige Rianne de Groot gie tongersdeitejûn te sjen nei it fjoerwurk op de bûlevaar fan Nice, om dêrnei yn in kroech oan it wurk te gean. Har jûn feroare yn in hel.

Rianne de Groot, oarspronklik fan Ljouwert, wurket as personal assistant foar in reisburo yn Nice en organisearret kroechtochten yn it Frânske badplak. Se wennet yn it sintrum fan de stêd.

'Ze zijn er, mensen van IS'
Nei de fjoerwurkshow op de bûlevaar  gie De Groot rjochting kafee. Koart dêrnei ûntstie dêr binnen neffens de Friezinne in grutte gaos: 'Opeens zag ik allemaal mensen naar binnen rennen. Ouders die hun kinderen kwijt waren, vaders met baby's op de arm. Er werd geroepen: 'ze zijn er, mensen van IS.' Ik dacht: o mijn god, daar ga ik dan.'

De eangstige minsken bringe trije oeren troch yn de kelder fan it kafee. Rianne: 'Er gingen allemaal geruchten. Zo zou er in een restaurant naast ons een gijzeling bezig zijn, er zouden mannen met mitrailleurs rondlopen en een vrachtwagen met bommen op mensen zijn ingereden.'

Doe't dúdlik waard dat de sitewaasje ûnder kontrôle wie, koe elkenien wer nei bûten. 'Iedereen huilde. Maar het drong niet echt tot me door. Misschien ben ik daar te nuchter voor. Maar ik heb wel meteen mijn moeder gebeld om te vertellen dat ik veilig was. Die was helemaal in tranen.'

'Ik laat me niet wegjagen'
In dei letter besykje ynwenners fan de stêd it libben wer op te pakken. Rianne: 'In het centrum leek het alsof er niks was gebeurd, maar dichterbij het strand voelde je steeds meer dat er een soort begrafenissfeer hangt.'

Lykwols is de Friezinne net fan doel om út Nice wei te gean. 'Ik blijf hier. Ik laat me niet wegjagen.'

Op Facebook pleatste Rianne de Groot in ferslach fan har heftige nacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)