Frou smyt mei glês

29 apr 2012 - 13:28

De plysje hat sneontenacht in frou fan 28 jier fan It Hearrenfean oanholden foar mishanneling. Yn in hoarekasaak op de Nijstêd yn Ljouwert hie de frou in glês tsjin in lûdsboks oansmiten. In 29-jierrige frou út Rhoon krige dêrtroch glês yn it gesicht.

Ambulânsepersoniel hat de ferwûnings fan it slachtoffer behannele. De fertochte waard nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
glês
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)