Hûnehater aktyf by Griene Stjer

16 jul 2016 - 11:20

Buertprevinsje Camminghaburen yn Ljouwert warskôget hûne-eigners om harren hûn yn de omkriten fan it Griene Stjergebiet oan de line te hâlden. Oanlieding binne stikjes fleis mei spjelden deryn, dy't lâns it Griene Stjerpaad fûn binne. As hûnen it fleis opite, kinne se slim ferwûne reitsje. Eigners wurdt dêrom frege goed op te letten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)