Piet Paulusma: 'nije wike tropysk waarm'

Waarman Piet Paulusma warskôget dat it yn de rin fan de wike tropysk waarm wurde kin yn Nederlân. It giet dan yn de ûnderste helte fan it lân om temperatueren fan sa'n 31 of 32 graden. Yn it noarden sil de temperatuer krekt wat leger komme te lizzen. De hege tempertueren komme troch waarme lucht, dy't yn de nacht fan tiisdei op woansdei en op woansdei sels oanfierd wurdt fanút it suden.