Kollum: "lulk"

16 jul 2016 - 10:18

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

"Ik bin lulk.

Wethâlder Jan Dykstra fan de Demokraten Skiermûntseach stapt út it kolleezje. Dat mei. Mar witte jim troch wa't hy opfolge wurdt: troch de waarnimmend gemeentesiktaris. Presys, dy siet altyd al by it kolleezje. Ach dan hoecht der ek net in oaren by. Eilandemokrasy. Bah.

Wethâlder Gerda Postma fan de PvdA stapte út it kolleezje fan Achtkarspelen. Dat mei net. De oarsaak is nammentlik dat kollega’s Marten van der Veen fan de FNP en Max de Haan fan Gemeentebelangen sûnder oerlis mei har (en sy is wethâlder fan sosjale saken) de fiif ton dy’t oerbleau yn dy sektor ynienen brûke wolle foar harren eigen tekoarten. Sûnder oerlis. Dus se wisten wol dat se fout sieten. It hiele kolleezje ôftreden. Mar Marten en Max ha fansels allang mei it CDA smoeze en geane dêrmei aanst fierder. En dat makket my noch lulker.

De gemeente Opsterlân seit ynienen: jim winkeleigners kinne no wol moai jim namme op de winkel sette, mar dat is reklame. Yn ús Buorren. Dus dêr wolle we reklamejild foar ha. Wa betinkt soks?

De provinsje jout 70 miljoen út foar it oanlizzen fan 'snel' ynternet. Op himsels goed. Mar dêrfoar wol se harsels wer ynkeapje yn Kabelnoord, 40 prosint fan de oandielen. En se freegje de gemeenten ek mei te dwaan. Dus we ha yndertiid as oerheid dat bedriuw ferkocht en no moatte we it foar folle mear jild wer werom keapje. Dêr doocht wat net.

It COA wol better draachflak yn Balk foar it AZC. Hoe? No sa’n Hollander, Gerrit de Lang, dy seit dan: 'ach lit de lju my mar efkes maile, ik bin wol beskikber.' Dus as je gjin draachflak ha moat je jesels melde. Komselden sa’n swakke draachflakopkrikpoging sjoen.

It lânboumuseum giet by ferrassing út Earnewâld wei nei Ljouwert. Lânbou fan doarp nei de stêd. En de provinsje betellet de hiele ferhuzing ek noch. In oprop hjirby oan alle oare musea yn Fryslân, dy’t noait in sint krije: net ferbouwe, mar ferhúzje jonges, dan betellet de provinsje wol. Betelje se ek mei oan it sykjen fan it Fryske Gea nei in nije hierder?

De jildsjitter fan de Weduwe Joustra gie fallyt. Och heden, hiel Fryslân wie oeral; dit moatte we oplosse. No de ynvestearders streamden ta. Bêst. Us nasjonaal produkt bearenburch. En ik gun it Heleen ek wol. Mar we ha hjir safolle bedriuwen dy’t op de bearenburchflesse geane fanwege in bûtenprovinsjale ynvestearder dy’t om in luchtsje giet. En dan docht net ien de mûle iepen.

De kommunikaasjelogootsjes fan KH18 kin allegear fuortsmiten wurde. We krije no oranje dingen. Want ING is no haadsponsor. Leaf. Al ha wy leaver dat in bank jild lient oan minsken dy’t in hûs keapje wolle. Of yn Joustra hannelje. Mar dat de Ljouwerter Krante foar in heal miljoen ek sponsor waard, is fansels net leaf. No krijt KH18 ûnevenredich folle posityf omtinken.

Ik wurd no yn 2016 al lulk. Want no wurdt in man dy’t draakjes oplit op de Ofslútdyk oan ljochtjouwende toutsjes as in grutte keunstner delset. En ik wurd noch lulker as hy dan op 4 septimber dy dingen dêr ophinget, omdat dan de dyk ôfsletten wurdt fanwege ien of oare run. We kinne der no ommers al noait lâns. En witte jim, dat se yn septimber ek sjen sille hoe’t it mei it beton is fan de dyk? Ha se noch nea nei sjoen sûnt 1932. Wêrom septimber? Kin dat no net, jild en tiidfergriemers?

Krekt as mei it REC yn Harns. Dêr komt miskien wol in hegere pipe. Miskien. Ja we moatte it earst nochris ûndersykje. We binne noch net wis. Undersykje, ûndersykje, ûndersykje. Wa nimt yn dizze provinsje ris in kear in beslissing?

De ried fan kommissarissen fan Caparis stap op. Prima. Mar dan sizze dy acht wethâlders, de eigentlike ferantwurdliken foar de idioate tastannen by Caparis, dat de kommissarissen noch mar efkes oan it wurk bliuwe moatte oant der nijen binne. Dus je litte de ferkearde sitewaasje, dat seit ek de rjochter, dochs noch mar efkes bestean. Efkes? Hoe lang is efkes? In moanne of in jier? De wurknimmers fan Caparis hiene rjocht hân dat der regaad hâlden wie.

Dat kinne we yn Fryslân net. Fryslân hat hiel foarsichtige bestjoerders. En in folk fan lulke minsken."

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)