Dronken man smyt fytsen om

Geweld © Omrop Fryslân
De plysje hat sneontenacht op de Noordkade yn Drachten in 27-jierrige man út dat plak oanholden foar baldiedigens. De man rûn dronken oer strjitte te razen en smiet fytsen om. Ek socht er hieltyd de konfrontaasje mei de plysje. Doe't dy him oanspruts op syn gedrach, waard er lulk en fersette er him.
De Drachtster moast mei nei it buro.