Fierljepsesje foar flechtlingen posityf ûntfongen

15 jul 2016 - 23:02

Flechtlingen ha freedtemiddei entûsjast reagearre op de fierljepsesje dy't organisearre waard troch âld-Nederlânsk kampioen Thewis Hobma. Sa'n tsien flechtlingen dienen mei yn it ramt fan in ôfstudearprojekt fan NHL-studint Patrick Klijn. De flechtlingen wurdearje it dat der sportive aktiviteiten organisearre wurde: ''We sitte sa no en dan wol seis moannen stil, dan is it moai dat der ek ris wat oars as oars organisearre wurdt''.

It fierljeppen fûn plak yn de Rengershal yn Ljouwert en nije wike sil der in oantal entûsjastelingen nei de echte skâns fan Winsum en It Heidenskip. Klijn wol mei syn projekt de sportive ferbining meitsje tusken de flechtlingen en de ynwenners fan Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)