Goed twatûzen minsken sjogge nei foarstelling De pASsant

Goed twatûzen minsken ha de ôfrûne wiken de foarstelling De pASsant sjoen. Freedtejûn wie de lêste foarstelling. Besikers waarden yn bussen meinaam nei ferskate teaterlokaasjes. Doarpen by de nije dyk fan Dokkum nei Nyegea spylje dêr foarstellings fan sa'n tweintich minuten. Projektlieder Luuk Eisema sprekt fan in grut sukses. It doel fan it reizgjend teaterstik De pASsant wie om foar wat fleurichheid te soargjen. It beslút oer de oanlis soarge foar in soad rebûlje.
Benammen oer it trajekt wie in soad diskusje.
Benammen oer it trajekt wie in soad diskusje. Eisema tinkt dat syn opset slagge is. Hy woe derfoar soargje dat ferieningen en minsken yn de doarpen inoar wer fine en mei-inoar wat delsette kinne. Dat resultearre yn fiifhûndert frijwilligers dy't meiholpen ha by it fersoargjen en spyljen fan de foarstellings. Mei de twatûzen besikers wie it stik sa goed as útferkocht.