Krânslizzing by Poalsk oarlochsgrêf op Skylge

15 jul 2016 - 21:28

Seis Poalske militêren hawwe freedtemiddei in krâns lein by oarlochgrêven op Skylge. Op it begraafplak yn West-Skylge bestean fiif Poalske grêven út de Twadde Wrâldoarloch. Ien fan dy grêven is fan Statislaw Skarzynski, ferneamd piloat en offisier. Hy jildt as loftfeartpionier yn Poalen. De militêren dy't de krâns leinen, sitte hjoed-de-dei yn it nei Skarzynski ferneamde rezjimint.

It fleantúch fan Skarzynski makke yn juny 1942 in needlanning op it wetter by Skylge. Hoewol syn bemanning feilich yn in rubberboat stapte, bedarre de offisier yn it wetter. Troch de streaming ferdronk de doe 43-jierrige Poal. De dea fan Skarzynski wie in grutte klap foar de Poalske loftmacht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)