Mishannelingen yn Ljouwert: fertochten oanhâlden

© ANP
In 48-jierrige man út Ljouwert is tongersdeitejûn mishannele by de Foarstreek yn de stêd. It slachtoffer hie in klap yn it gesicht krigen nei't er opmerkingen makke hie tsjin in oare man. Oan de hân fan in sinjalemint koe de plysje de fertochte efkes letter oanhâlde. It giet om in 42-jierrige Ljouwerter. De plysje hat in ûndersyk ynsteld.
Ek by de Wurdumerdyk yn Ljouwert waard in man mishannele.  It is noch ûndúdlik wat der krekt bard is. De plysje hat twa fertochten oppakt. It giet om twa manlju fan 29 en 35 jier, sûnder fêst wenplak. Ambulânsepersoniel hat it slachtoffer behannele. De beide fertochten sitte fêst.