Renovaasje fan sporthal De Boekhorst yn Easterwâlde

15 jul 2016 - 17:47

De renovaasje fan sporthal De Boekhorst yn Easterwâlde is freedtemiddei úteinset. De sporthal wurdt brûkt troch sportferienings en skoallen en krijt in nije flier, tribune en skiedingswand. Mar ek de gongen en tastelberging, klaaikeamers, dûsen en húskes wurde opknapt. It wurk wurdt dien yn de skoalfakânsje sadat de oerlêst beheind bliuwt.

De fernijde hal giet ek suniger mei enerzjy om troch it gebrûk fan LED-ferljochting. It wurk wurdt útfierd troch lokale bedriuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)