Studinten Friese Poort Drachten dochs noch slagge

15 jul 2016 - 16:58
  • It ROC Friese Poort yn Drachten

De trettjin studinten fan ROC Friese Poort Drachtem dy't opnij eksamen dwaan moasten, binne dochs noch slagge. It gong om studinten fan de opliedingen Game Artist en Game Developer. Se hienen it ferkearde eksamen makke en moasten it dêrom opnij meitsje.

Dat koe fan 5 july ôf, sadat de studinten nei de simmerfakânsje fierder koenen mei in ferfolchoplieding of wurk. Ien studint hat der foar keazen om yn augustus eksamen te dwaan en moat dus noch slagje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)