Ljouwerter oanhâlden foar ferbean wapenbesit

15 jul 2016 - 16:32

De plysje hat tongersdeitemiddei in 33-jierrige man út Ljouwert oanhâlden foar ferbean wapenbesit. By de plysje wie in tip binnen kaam dat de Ljouwerter wapens te keap oanbean hie op in webside. Yn syn wenning fûn de plysje twa stroomstjitwapens, tolve boksbeugels en twa kattepulken. Ek waard der in âld masinegewear oantroffen.

Alle wapens binne yn beslach naam. De fertochte is heard en yntusken wer frijlitten. De plysje docht fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert wapenbesit
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)